Jitiizer doniarock josse bongel 2014 - JitiizeR Jitiizer new york toer - JitiizeR Jitiizer doniarock podium 2014 - JitiizeR Aaipop 2009 - JitiizeR

Opnommen: 03-2006

Studio: Sing Sing Studio Mitselwier

Útkommen: 17-04-2006

 

ks6
 




FOARSPUL


Ynstrumentaal


FRYSLÂN BOPPE


Fryslân 500 jier wat is dat foar flauwekul,
Nee, al 500 jier binne wy hjir al de lul!
Salang besette dy Hollanders ús al,
Ja wy sitte by dy tsiiskoppen yn 'e fal!
En dy nep-Friezen dy 't dit allegear fiere,
Dy sille wy siede en yn 'e kop om riere!
Dus oprjochte Friezen, stek oan die lont,
Want de âlde Friezen skoppe kont!

Fryslân boppe, Fryslân boppe! Lit ús Fryslân net weirotte!
Fryslân Boppe, Fryslân boppe! Hollân yn 'e groppe!

Dus stek dy Fryske flagge yn top,
En sla die Hollanders foar de kop!
En mei al dy nep Fryske miten,
Dêr hie Grutte Pier wol rie mei witten!
No kylhelje en rap dy hap,
Oars ferdwynt ús Fryslân fan 'e map!
'n echte Fries, is net braaf,
dy is noch leaver dea as slaaf!

Fryslân boppe, Fryslân boppe! Lit ús Fryslân net weirotte!
Fryslân Boppe, Fryslân boppe! Hollân yn 'e groppe!

En dy ferrieders dy 't gjin Frysk mear prate wolle,
Dy krije hjoed as moarn 'n bile yn 'e holle!
Harren bern moat fan se ABN prate,
Sokke Friezen kinst allinnich mar hate!
Fries wear dy ezels by de grins,
Want 'n Hollanner is 'n bist, dat is gjin minsk,
Dus Fries, fiel dy oprjocht en frij,
Sjong út folle boarst mei my mei!

Fryslân boppe, Fryslân boppe! Lit ús Fryslân net weirotte!
Fryslân Boppe, Fryslân boppe! Hollân yn 'e groppe!


SPEULE


Foor alle mensen út 't Bildt, weetst wel, weetst niet!

Pa en moek jim mutte eens hoore,
aanders kin ik jim wel smoore.
Waar is myn speltsje rummikub,
aanders gaan ik te súpen naar de klub.

Wat wilst do: speule!
4 op 'n rij: speule!
Rummikub: speule!
Fiese speltsjes.

He ju moest nou ris kieke,
die eikel die sit te spieken.
Dat ken niet bij 'n speltsje kaart,
op dizze Sundag yn 't grauwe paerd.

Wat wilst do: speule!
4 op 'n rij: speule!
Rummikub: speule!
Fiese speltsjes.

Waar is nou myn 4 op 'n rij,
met die ronde dingkjes d'r bij.
Ken 't niet langer veule,
ik wil graach 'n speltsje speule!

Wat wilst do: speule!
4 op 'n rij: speule!
Rummikub: speule!
Fiese speltsjes.


HAWAR, BIER


No even gjin gefuckingklier,
No even gjin gefuckingmier,
It boeit my foar gjin fuckingsier,
Ik wol 'n potsje bier!

Wêr is no myn potsje bier (2x)
Hawar bier!

Ik wol fan dat giele sop,
En rap smoarge apekop,
Oars soademiterst mar op,
Ik wol fan dat giele sop.

Wêr is no myn potsje bier (2x)
Hawar bier!

Yn 't tsjuster fan de nacht,
Dêr is d'r wat 'n pracht,
Dêr is myn knappe makker,
Myn moaie giele rakker!

Wêr is no myn potsje bier (2x)
Hawar bier!


TAALKLUNS


Ooooh, de taalkluns stelt de sjoooo!
De taalkluns stelt ...

Se is op elk feest, giet tekear as 'n beest,
se hat oan alles lak mei har moaie sintebak.
Op Frysk is se poer, mar se sjocht wol wat soer,
gjin deade pier mar wyld op bier.

Wat se sizze wol, wat se sizze sil,
se is in toverkol!

Ooooh, de taalkluns stelt de sjoooo!
De taalkluns stelt ...

Wat se sizze wol, wat se sizze sil,
se is in toverkol!

Se kin der wol wat fan, sels mei fize Jan,
se gongen flink útein, yn har lúkse wein.
Alles die him sear, dit wie net leuk mear,
de taalheks is wyld op seks!

Wat se sizze wol, wat se sizze sil,
se is in toverkol!

Ooooh, de taalkluns stelt de sjoooo!
De taalkluns stelt ... de sjoooo!
De taalkluns stelt ... de sjoooo!
De taalkluns stelt ... De sjoooo!!!!!!!!!


117


111, der is brân op 't hiem,
112, wêr wolst de spuit ha,
113, de slange kinst krije,
114, de stront giet nei De Jouwer,
115, de klean fan 't liif,
116, 'n heal pûn fleis,
117, wêr is de brân!

Wy binne de mannen fan it fjoer,
We komme foar drank, dus we binne net djoer.
At de piper giet mei gang yn 'e wein,
We komme troch de wike mar ek op snein!

111, der is brân op 't hiem,
112, wêr wolst de spuit ha,
113, de slange kinst krije,
114, de stront giet nei De Jouwer,
115, de klean fan 't liif,
116, 'n heal pûn fleis,
117, wêr is de brân!

We komme ek foar 'n binnenbrân,
We blusse mei bier en net mei sân.
Hast 'n droege strôte skillje ús dan,
En wy meitsje der 'n feestje fan!

111, der is brân op 't hiem,
112, wêr wolst de spuit ha,
113, de slange kinst krije,
114, de stront giet nei De Jouwer,
115, de klean fan 't liif,
116, 'n heal pûn fleis,
117, wêr is de brân!


IK KOM YN FRYSLÂN


It is myn minsk al like folle,
at ik har op 'e búk kwak as op 'e holle,
Dat stiet yn ús trouakte te lêzen.
at ik yn 't Fean kom as Ljouwert,
it makket my net út,
At ik mar yn Fryslân hoech te wêzen.

Ik kom yn Fryslân, myn moaie Fryslân,
it liket krekt at myn pile altyd stiet.
Ik kom yn Fryslân, myn moaie Fryslân,
ja se neame my ek wol fize Pyt.
Sjoch ik de parkes en de promkes,
fan dy froulju foaral simmerdei.
Sjoch ik de rokjes dêr ûnder strinkjes,
no dan tink ik ik kom hjir nea wer wei.
Ik kom yn Fryslân, myn moaie Fryslân,
it liket krekt at myn pile altyd stiet.

Wat moat ik no bûten Fryslân?
ik haw 'm yn 'e hân,
dan mis ik al dy moaie frouljesskonken.
It bliuwt foar my, hege hakken boppe!
de sandalen yn de groppe,
en nei de daad liz' ik lekker te ronken.

Ik kom yn Fryslân, myn moaie Fryslân,
it liket krekt at myn pile altyd stiet.
Ik kom yn Fryslân, myn moaie Fryslân,
ja se neame my ek wol fize Pyt.
Sjoch ik de parkes en de promkes,
fan dy froulju foaral simmerdei.
Sjoch ik de rokjes dêr ûnder strinkjes,
no dan tink ik ik kom hjir nea wer wei.
Ik kom yn Fryslân, myn moaie Fryslân,
it liket krekt at myn pile altyd stiet.

Ja de dochters fan de boer,
dy draaie my in loer,
'n keal op stâl dat fine se fierste lekker.
Dus at ik by de boer kom op stâl,
dan giet it rûch en mâl,
en de keal dy baalt jawier wer as in stekker.


GEK


Der sitte stimmen yn myn holle,
En ik wyt net wa 't no tsjin my praat.
Foar de rest sit der net folle,
Mar dy stimmen dat is wat ik haat!

Gek, gek, ik bin gek, gek!

Ik doch no myn eagen ticht,
En doch krekt at ik neat hear.
Troch myn harses raast in bliksemskicht,
Dy seit: Durk, wy binne der wer allegear!

Gek, gek, ik bin gek, gek!

Sjit my mar lek, ik bin stapelgek!
Sjit my mar lek, ik deuch net!

Ik wyt net wat ik no dwaan moat,
Wêr moat ik dan no wer hinne,
De ien seit dit en de oare dat,
'n skizofreen is nea allinne!

Ik ha myn eagen iepen dien,
En ik sjoch wer hels gemien!

Sjit my mar lek, ik bin stapelgek!
Sjit my mar lek, ik deuch net!


IK DOCH WAT IK WOL


Net ien kin my fertelle hoe ik libje moat,
de ien fynt my debyl en de oar fynt my apart.
Mar ik gean myn eigen gong, ja ik doch wat ik wol,
net ien kin my feroarje, seker gjin domme snol.

Ik doch wat ik wol, en ik siz' wat ik wol.
Ik doch wat ik wol, ik tink wat ik wol.
Ik doch wat ik wol, en ik fyn wat ik wol.
Ik doch wat ik wol, ik doch wat ik wol.

Hâld no ris dyn snetter, ja hoar dyn grutte bek,
hjuster wie ik leaf mar hjoed bin ik 'n sek.
It is dochs myn libben en dat bepaal ik sels,
ik bin dochs bolstjurrich, ja neam 't mar rebels.

Ik doch wat ik wol, en ik siz' wat ik wol.
Ik doch wat ik wol, ik tink wat ik wol.
Ik doch wat ik wol, en ik fyn wat ik wol.
Ik doch wat ik wol, ik doch wat ik wol.

Ik gean myn eigen paed en ik ha myn praet,
en wa 't der net oer kin dy skop ik yn 'e naad!

Ik doch wat ik wol, en ik siz' wat ik wol.
Ik doch wat ik wol, ik tink wat ik wol.
Ik doch wat ik wol, en ik fyn wat ik wol.
Ik doch wat ik wol, ik doch wat ik wol.


PAK OP


Sneins út riden, ik fyn 't 'n griis,
Myn faam wol der graach út, se is net wiis.
Lit my mar lekker langút op 'e bank,
Gjin geseur oan 'e kop, gjin gejank.

Pak op, oppakke!

Mar nei twa oeren ge-eamel jou ik ta,
Stap yn 'e karre en ryd nei Dokkum of sa.
Binnentroch is 't moaiste seit it wiif,
Mar nei fiif minuten ryd ik al ien tsjin it liif!

Pak op, oppakke!

De juten bin' wer op dreef dizze dei,
De flitspeallen stean wer klear op 'e klaai.
Mar at se Bassy wolle pakke,
Sil ik 'r ris flink op los klappe!

Pak op, oppakke!


IKKE


Ik bin de bêste!!!!!!!!!!

De bêste, ja dat bin ik,
Al slachst my, ik jou gjin kik.
By my is 't altyd dikke mik,
Ik bin altyd tige op skik!

Ikke, ikke, ikke, de rest kin stikke,
Ikke, ikke, ikke, ikke, ikke, ikke!
Ikke, ikke, ikke, de rest kin stikke,
Ikke, ikke, ikke, ikke, ikke, ikke!

Op myn kin ha 'k 'n reade sik,
Ik sûp 'n protte mar ha nea de hik.
Ik hyt Rikus en net fan Rik,
Ik bin de man mei de grutste pik!

Ikke, ikke, ikke, de rest kin stikke,
Ikke, ikke, ikke, ikke, ikke, ikke!


FERDIVEDAASJE MOKKEL


Sy lest dy wol rau,
har poeske is net nau.
50 euro as mear,
'n callgirl kryt dy altyd klear!

Gjin gefrunnik yn 'e munnik,
gjin geharrewar yn 'e huifkar,
kinst better lêze dan nei de wêze,
nee, 'n callgirl ja dy moatst ha!

Sy lest dy wol rau,
har poeske is net nau.
50 euro as mear,
'n callgirl kryt dy altyd klear!

In Deutschland willen sie bumschen,
in England they want to fuck!
In Holland willen ze neuken,
en yn Fryslân dogge we it goed en rap!

Sy lest dy wol rau,
har poeske is net nau.
50 euro as mear,
'n callgirl kryt dy altyd klear!


SPOOK FAN FOLLEGEA


It wie yn Follegea,
'k wit net wannear.
Hy krige tefolle sop,
en hy wie dea.

Hy wie 'n geast en gek yn Follegea!
It spook yn Follegea is der, yn dyn holle!

It rûn my oer de lea,
ik wit noch goed.
't spookt yn Follegea,
de bek fol bloed.

Hy wie 'n geast en gek yn Follegea!
It spook yn Follegea is der, yn dyn holle!

It is 'n moai ferhaal,
mar is 't wol wier.
It spook fan Follegea,
hat 'n burd en gjin hier.

Hy wie 'n geast en gek yn Follegea!
It spook yn Follegea is der, yn dyn holle!


KEETLELLE


We gean te sûpen nei de keet.
It giet wer neet, it giet wer neet.

It giet wer hommels yn Wommels,
mei de mûs nei Reahûs.
Blier nei Bar le bier,
even rûke yn 'e Sûphoeke.
Tot it gatsje, yn 't Kratsje,
yn it spier yn Offingawier.

We gean te sûpen nei de keet.
It giet wer neet, it giet wer neet.

It giet wer hommels yn Wommels,
mei de mûs nei Reahûs.
Blier nei Bar le bier,
even rûke yn 'e Sûphoeke.
Tot it gatsje, yn 't Kratsje,
yn it spier yn Offingawier.

We gean te sûpen nei de keet.
It giet wer neet, it giet wer neet.


WY BEUKE D'R YN


We beuke der yn,
we sille ús hjir leech spylje.
We beuke der yn,
en dêrfan krije wij nea ús nocht.
We beuke der yn,
we sille ús hjir leech spylje.
We beuke der yn,
en dêrfan krije wij nea ús nocht.

Wy ramme stevich troch,
wy springe der op los.
We ramme stevich troch,
1, 2, sa moat we it ha.
Wy ramme stevich troch,
we springe der op los.
Wy ramme stevich troch,
1, 2, sa moat we it ha.

We beuke der yn!


KOLA


De hiele wike wurkje, ik wie út 'e hekken,
Jûns lekker te sûpen, 't koe my neat ferrekke.
'n kistke bier gong der maklik yn,
mei de auto yn 'e feart, as 'n aap sa blyn.

Hie 'k no mar 'n kola naam, mar 't is al wer te let,
Want bier dat fyn ik lekker en kola lekker net!

Simmers nei de Feanhoop, ik les der wol 'n pear,
Kriich 'n stamp op 'e bek, dat doeng sear.
Troch de drank gong ik tekear as 'n bolle,
Der binne no trije man sûnder 'n noas oan 'e holle.

Hie 'k no mar 'n kola naam, mar 't is al wer te let,
Want bier dat fyn ik lekker en kola lekker net!

Ik hie 'n moai wyfke, mei har wie 'k tige wiis,
Mar se frege wol 'n hele hege priis.
Ik moast kieze nuchter as geklier,
Ik ha keazen foar 't bier!

Hie 'k no mar 'n kola naam, mar 't is al wer te let,
Want bier dat fyn ik lekker en kola lekker net!


SOP SIERE


Sneintemoarn dan wurd ik wer wekker,
de plak op 'e tosken, ik ha my noch net wosken.
Mar wat rûk ik dêr, wat driuwt der troch myn kop,
it is dy noflike geur fan in lekker bakje sop.

Godfergemy, ik wurd gek,
it wetter rint my yn 'e bek.
Donderje nei beneden mei de harses op 'e flier,
better sop dan dat kloate bier.

Sneons begjint se mei de whiskeyflesse,
dan komme de kij en de barchen ûnder it mes.
Wat griente en wat krûden der yn,
en 'n bonke fan 'n deade knyn.

SOP SIERE!

Mei de ylpoaten wer boppe de panne,
en mei de noastergatten op 'e râne.
Mei de pûde sjek, de krulspjelden op 'e kop,
makket ús mem 'n noflik bakje sop.

SOP SIERE!

Godfergemy, ik wurd gek,
it wetter rint my yn 'e bek.
Donderje nei beneden mei de harses op 'e flier,
better sop dan dat kloate bier.

SOP SIERE!!!


ALLES ÚT 'E KAST


Al jierren lang mei syn allen op paad,
en we sjogge ek wol ris 'n wiete naad,
der wurdt flink op 'e gitaren omrost!
We binne gek en healewiis,
en jim draaie use platen griis,
ja no giet alles fet rûch ´t 'e kast!

Oooooohoooohooooooooo!

It giet al jierren like bryk,
en yderien is foar ús gelyk,
der wurdt troch de fans ek flink omhost!
We lesse ek wol 'n gleske bier,
dan spylje wy wer as 'n lier,
ja dan giet alles fet rûch út 'e kast!

Oooooohoooohooooooooo!

We binne ek noch lang net klear,
jim krije ek noch folle mear,
hoefolle swit en bloeddruppels it ek kost!
It giet ús allinne om it feest,
yderien giet tekear as 'n beest,br> we helje foar jim alles út 'e kast!

Oooooohoooohooooooooo!


KNYN


Tige wolkom, by dizze ôfskiedstsjinst fan ús aller; KNYN!
Us knyn hat 'n tige warber libben hant,
hy hat 'n hiele protte famkeskninen yn syn hol hant, wat him de namme Stamperke besoarge hat.
Fierder hat der sa 'n 5000 knyntsjes achterlitten op dizze wrâld, wat ek hiel goed smeitsje sil.
Knyn wy sille dy misse myn jonge!
Do wiest de bêste knyn fan Fryslân!
Dei knyn, dei jonge,
Ik siz' tsjin dy; rollattorrrrrr!