Jitiizer doniarock josse bongel 2014 - JitiizeR Jitiizer miami everglades - JitiizeR Rikus sint nyk - JitiizeR Jitiizer als stifting konsert - JitiizeR

Opnommen: 2012 - 2013

Studio: Studio Landscape Gauw

Útkommen: 17-05-2013

  

Wurknamme: Oare Boech

 



mp3 mp3 mp3 jitiizer mp3 mp3 mp3 jitiizer mp3 mp3 mp3


mp3 mp3 mp3 jitiizer mp3 mp3 mp3 jitiizer mp3 mp3 mp3


STEAN OP


Atsto, op dyn einde bist.
En do, gewoan net fierder kinst.
Wylsto, fregest dy ôf, wêrom.
En hoe no, en wat dyn libben noch bringe sil.

Hâld fol, ek atst allinich bist.
Hâld fol, smyt no net alles yn.
Hâld fol, want letter silst do wol sjen.
Dat it gelok dyn kant op komt.

En at 'n stoarm dy op 'e knibbels twingt.
Hâld dyn gesicht dan tsjinyn de wyn.
En hoe donker de wolken by dy ek bin'.
Wachtsje dan oant de sinne skynt.

Stean op! Atst op 'e boadem bist.
Stean op! Atst dyn geleafden mist.
Stean op, it sil oait wer better gean!

It is swier, om te bliuwen op it paed.
En om, te flechten út it skaad.
Sûnder, dysels tekoart te dwaen.
Do bist unyk en dochst der ta.

Ek atsto tinkst, dat yderien tsjin dy is.
En gjin harses, mear om dy jouwt.
Dan stek ik, myn beide hannen út.
En sille wy fierder gean!

Stean op! Atst op 'e boadem bist.
Stean op! Atst dyn geleafden mist.
Stean op, it sil oait wer better gean!

No gjin panyk, sa slim wurdt it net.
Hâld de kop der foar, it is net te let.
Stean op do bist it wurch!

Stean op! Atst op 'e boadem bist.
Stean op! Atst dyn geleafden mist.
Stean op, it sil oait wer better gean!

Stean op! Atst op 'e boadem bist.
Stean op! Atst dyn geleafden mist.
Stean op, it sil oait wer better gean!



NETWURKER


Der hinget in kúle yn de bank en it meurt der nei de drank.
Se binne lui, se binne fet, nea op tiid, altyd te let.
Ja se hingje mar wat om, ja en wa is hjir no dom.
Ja en Tijs, Toon en Teun, dy lommies sitte yn de steun.

En ik sis heeeee - ik sis hooooo - ja do krijst it net kado.
En ik sis heee - ik sis hooo - moatst nei it arbeidsburo.
En ik sis heeeee - ik sis hooooo - ja do krijst it net kado.
En ik sis heee - ik sis hooo - moatst nei it arbeidsburo.

Ja en wa is hjir no gek, se krije ek noch gratis sjek.
En se dogge net in reet, mar haw' sinten by de fleet.
Ja en sels dy gekke Durk, dy lommy siket nea om wurk.
Leit de hiele dei op bêd, ik bin dy ezels mear as sêd.

En ik sis heeeee - ik sis hooooo - ja do krijst it net kado.
En ik sis heee - ik sis hooo - moatst nei it arbeidsburo.
En ik sis heeeee - ik sis hooooo - ja do krijst it net kado.
En ik sis heee - ik sis hooo - moatst nei it arbeidsburo.

Ja de moraal fan dit ferhaal is dat ik fan dy lommies baal.
Set dy ezels yn de tún, lit se sjouwe mei wat pún.
Nee se meie net mear pitte, moatte wrotte, beule, switte.
Ja Tijs, Toon en Teun, se wolle nea mear yn de steun.

En ik sis heeeee - ik sis hooooo - ja do krijst it net kado.
En ik sis heee - ik sis hooo - moatst nei it arbeidsburo.
En ik sis heeeee - ik sis hooooo - ja do krijst it net kado.
En ik sis heee - ik sis hooo - moatst nei it arbeidsburo.

En ik sis heeeee - ik sis hooooo - ja do krijst it net kado.
En ik sis heee - ik sis hooo - moatst nei it arbeidsburo.
En ik sis heeeee - ik sis hooooo - ja do krijst it net kado.
En ik sis heee - ik sis hooo - moatst nei it arbeidsburo.



HEAL PÛN FLEIS


D'r sit in slachter by ús op 'e hûk, wurk't in frommes yn har ûnderbrûk,
Kinst har hjir wol rûke, kinst har hjir wol rûke.
Fleis fan it hynder of fan in ko, fan Lippenhuzen oant oan Hummelo.
Kinst har hjir wol hearre, kinst har hjir wol hearre.

Heal pûn fleis en droege woarst.
Ja, dat is watst hjir helje moatst.
Fan it hynder of fan in ko.
Heal pûn fleis en droege woarst.

In slappe woarst makket sy wer loeihurd, in barge-ear en in ezelstut.
Moatst em no ris fiele, moatst em no ris fiele.

Heal pûn fleis en droege woarst.
Ja, dat is watst hjir helje moatst.
Fan it hynder of fan in ko.
Heal pûn fleis en droege woarst.

Bêste heit, bêste mem, wês no net bang, der is ek wol fleis foar jim'.
It begjint mei in woarst en sa eindigt it ek hast.

Heal pûn fleis en droege woarst.
Ja, dat is watst hjir helje moatst.
Fan it hynder of fan in ko.
Heal pûn fleis en droege woarst.