Jitiizer als stifting konsert - JitiizeR Jitiizer skyline new york - JitiizeR Jitiizer streekein - JitiizeR Rikus sint nyk - JitiizeR

10-05-2007 - Op 'e fyts troch NY

Ek hjoed untwaakde de hiele santemakraam wer betiid, want ús maestro Willem de Vries fan Omrop Fryslan soe skilje. Datsadwaande de knappe klean oan en efkes in klutst aaike by us freonen Manhattan Diner (hoefolle kin in tas fernearre) en dan it folkslied efkes oer Broadway gjalpe.



Doe waard it plan oppere om de "Burn that bike" toer te dwaan yn de apple. Hjir wie al gau dudlik de hearren ek oare talinten hawwe dan allinnich gewoan in stikje te fytsen. Se kinne nammenlik stuntfytse! Central Park sil nea wer itselde weze as foarhinne.







Ek de Huschler babes koenen us wol fernearre; wy hun noch folle mear fansels.



Doe moasten wy us ree meintsje foar it grutte barren yn de Brooklin Blade Club. Earst sykje wer de club wie, want it wie wol downtown; doe''t wy it einliks fûn hienen, moasten wy trije kear klopje op in âlde doar en kaam der in kabouter om ús binnen te litten. Hoppekee, útlade, soundcheck en in bierke. De earste nûmmers waarden spile op amerikaanske grûn; se moasten der wol efkes oan wenne, mar nei in nûmmer as trije hienen wy de bear sketten. In monster feest mei in nije fersje fan bliid.





Ien tsjinfallerke: it optreden fan freed is cancelle yn ferban mei " legal authority damage". Wat dit krekt ienhâld witte wy net, mar it sil wol wat te krijen ha mei 117.



There''s no business like monkey business!