Jitiizer als stifting konsert - JitiizeR Jitiizer doniarock josse bongel 2014 - JitiizeR Jitiizer doniarock 2014 - JitiizeR Aaipop 2009 - JitiizeR

08-05-2007 - Dei 1 fan de "Burn that closet" toer

De earste dei yn de grutte appel.

De hearren musikanten untwaakten betiid út harren sliep. Mei in fol program en in noch follere tas. Brochje by us grutte freon Manhattan Diner, wer''t wy der in dikke bak foer yn kipt ha om de dei goed troch te kommen.





Om de neeberhoed wat te ferkennen, binne wy al toffeljend nei it sentral park west. Echt derfan genietsje koenen wy net .... mar wy hawwe wol de fameuze skarrelsquirrel sjoen. Dernei hawwe wy de auto ut it hok helle en fan de punten op de wolbekende i besjoen.



Om de smaak fan de grutte sted te proeven, binne wy doe ofset nei ground sero. Hjir kamen wy fan in kalde kermis thús; wy hienen it gefoel as misten der in pear saken. Wallstreet besjoen, wer''t Rikus noch in danige yndruk efter litten hat by in ploechje sinezen.

Wy hawwe de reis ferfolge troch East en West Broeklin, wer''t wy de mannen fan de Rocking Ramonas troffen ha. Ek hawwe wy efkes fúske mei de hearen kollegas fan de NY brânwacht. Poerbeste minsken hear.



Rikus syn gedrach is unferstelber; hy helpt hjir sels alde froutsjes oer de dyk mei gefaar foar eigen libben. Hy freget dan ek steeds " can you handle my pandle?".



Nei sa''n dei krije de mannen toarst en wy seagen by tafal in terraske; dat is hjir heech utsûnderlik. Hjir koest sels sitte, smoke en drinke.

Foar it fjierdere feslach fan hjoed moatte jo ynlogge op it ofskirmde diel fan de side.



Hawar, jo moatte mar sa tinke: it'' s a dirty dog, but someone''s gotta do it!