Jitiizer streekein 2013 - JitiizeR Jitiizer doniarock 2014 - JitiizeR Jitiizer miami ink 70000 tons of metal - JitiizeR Jitiizer streekein - JitiizeR
De Fryske Tonger Core band JitiizeR is offisjeel berne op 18 augustus 1991.

Fjouwer mannen, noch net ree foar it konserfatorium, hienen de grutte drang om ris meienoar in goed stik lefen te meitsjen. Josse (gitaar), Bongel (bongels), WilSon (gitaar) en De Gledde (stroate) koenen terjochte yn de loads fan Jonkman yn Sint Nyk. De kniptafel fan de seilmakkerij wie it poadium.

Binnen inkelde wiken hienen wy de earste nûmers hielendal útwurke: "Readkapke", "Johannus", "Oan 'e Kant" en "Yosties". It earste optreden siet deroan te kommen en it swit gong De Gledde troch de naat; in seal fol minsken wie tefolle fan it goeie. Al rap fûnen wy Wally efter in wetterpipe en hienen wy in echte snetterbek!

Troch it kabaal dat wy produsearden, kaam de tafallich foarby fytsende Tommy op it lûd ôf. En hawar, de baskepulker wie in feit! Wy hawwe oefene en bier dronken, al soe ús libber der fanôf hingje, want 7 febrewaris wie it earste optreden.

It earste optreden op 7 febrewaris 1992 wie legendarysk. "Bar de Baron" yn Sint Nyk, hielendal ôfladen, in joekel fan in PA, de himpkes binnen in oere útferkocht, twa oare bands as foarprogramma. De start fan it artystenlibben!

In goede start is it heale wurk. Yn 1992 yn totaal 12 kear op de planken; ûnder oare de Fryske Gekte Toer en de finale fan de Lytse Priis fan Snits. Alle rom waard Wally tefolle en wy hawwe as goede freonen ôfskyd nommen. Yn rekord tempo hat De Gledde de nije sjonger Vlugt ynwurke.

Yn 1993 de earste demo "Hjir Is Der Ol" en in soad ûnderweis. Jierren fan sukses en yn 1996 de earste Kompakt Skiif "Frysk Tonger Core".
Spitigernôch moast Vlugt rêstiger oan dwaan om gesondheidsredenen. Healwei 1998 hat Vlugt de nije sjonger Reade Rikus ynwurke.

Sawol de band as de besetting is iizer sterk, der is gjin hammer tusken te krijen:

RikuS   pompebled   Tongersnút
BongeL   pompebled
  Bongelmepper
TommY   pompebled
  Baskepulker
JossE   pompebled
  Tridderauser
WilsoN   pompebled
  Triddepieler


It alderlêste konsert wie op 22 jannewaris 2011 yn it Sealensintrum yn Sint Nyk. In waardich ôfskeid en in moaie ôfsluter yn Miami: 70.000 tons of Metal .

 

De jokte, net te hurdzjen! Op 17 maaie 2013 hat JitiizeR yn it muzykprogramma Noardewyn (Omrop Fryslân) nei bûten brocht dat se wer los gean!